Jounswille op’e planken mei ‘It pronkje fan Ierlân’
Geplaatst door redactienijsnet
op 08/02, 12:34 uur.
STYNSGEA - It giet wer oan. Nei wiken fan yntinsyf repetearjen, sil Jounswille op’e planken stean mei it stik ‘It pronkje fan Ierlân’ (The beauty queen of Leenane) fan de Ierske skriuwer Martin McDonagh, yn it Frysk oerset troch Pyt & Tryntsje v.d. Zee.
Dit jier gjin premiêre stik, mar wat wol bysunder is, is dat dit stik noch nea spyle is troch in Fryske amateur ploech. It pronkje fan Ierlân is it earste stik fan de Leenane-triologie. Yn 1997/1998 hat Tryater, mei sukses, al de trije stikken spyle.
It stik giet oer Maureen Folan, in ienfâldige frou fan 40 jier, die al jierren foar har âlde, egoïstyske en manipulatyve mem, Mag Folan, soarget. Har beide susters binnen flecht troch te trouwen, sy hâlde it noch net in heale krystdei mei mem út. Mar Maureen is in finzene yn dizze disfunksjonele relaasje mei har mem, en hoe tryst as it bytiden ek is, it levert moaie sênes op mei in wat swarte humor.
Yn’e rin fan it stik komme wy yn’e kunde mei de broers Ray en Pato Dooley. Ray is in jonge, rebelske en balstjurrige fint dy as boadskipper fungearret tusken Pato en Maureen.
Pato is syn âldere broer, dy ’t yn Ingelân wurket as boufakker. As hy nei Ierlân komt foar in feest, sjocht Maureen dit as har earste en lêste kans op leafde, en in manier om by har mem wei te kommen. De fonken fleane d’r of by die twa, mar oft it Maureen ek slagget om los te kommen fan har mem?dat moatte jim sels mar gewaar wurde. It pronkje fan ierlân is in ferrassend stik fol fan draaierij, geheimen, spanning, swarte humor en in fleachje romantyk, perfoast in oanrieder.
De útfieringen binne op freed 12, sneon 13, freed 19 en sneon 20 febrewaris yn kafee Stynsgea om 20.00 oere. Kaarten binne te besetten fanôf tongersdei 4 febrewaris by fam. Gjaltema, Boskkamp 49 yn Stynsgea, oan hûs, middeis fanôf 16.00 oere. Till.: 0512-352192.

Categorieën:
redactienijsnet
- 0.0/5 sterren
Meer headlines
- Friso Wouda levenloos aangetroffen in Zandvoort
- IJsvereniging Peize ontvangt legpenning gemeente
- Zoektocht naar Michael gaat morgen verder
- Duo aangehouden na achtervolging
- Veel materiële schade bij ongevallen in Friesland
- Controle vervoer gevaarlijke stoffen
- Lasapparaten gestolen in Sneek
- Dozijn elektrische fietsen gestolen
- Tweetal aangehouden voor bedreiging
- Alcomobilist aangehouden voor bedreiging en mishandeling
- Auto op de kop in de sloot
- Friso Wouda nog niet gevonden
- Treinverkeer lijdt onder extreme vrieskou
- Ganzen op het buitendijkse land
- Heerenveen vecht zich ook langs Roda JC
- Partycentrum De Postwagen Tolbert uitgebrand (update)
- Zoektocht naar Michael levert weer niets op
- De Postwagen in Tolbert volledig uitgebrand
- Gerrit Krolbrug Groningen gestremd vanaf zaterdagavond 20.00 uur
- Dertien sollicitanten voor burgemeesterspost Urk
- Bestuurders met ‘koek en zopie’ bij ijsbaan Bernoulliplein
- Sluizen bij Dieversluis draaien nog gewoon door
- Politie zoekt groene Peugeot in verband met overval casino Hoogezand
- Gerrit Krolbrug in Groningen vanaf zaterdagavond 20.00 uur gestremd
- Epke Zonderland naar de Olympische Spelen
- Cambuur traint in de sneeuw
- Zoekactie naar Michael van Dijk gaat verder
- Verwarde man uit Nieuwe Pekela sticht brand in zijn woning
- Brute straatroof met geweld op Helper Westsingel Groningen
- Liefst 13 sollicitanten burgemeesterspost Urk